Oudvitdirekteur:"Toenemende vraag naar oudere uitzendkracht"

12 feb 2018 - 22:54

It mei dan lestich wêze foar âlderen om fêst wurk te finen, der is wol in tanimmende fraach nei de senior-útstjoerkrêft. Dat seit direkteur Maria Bruining fan âlderen-útstjoerburo Oudvit út Drachten. Oudvit wurket foar opdrachtjouwers út it hiele lân en by it spesjalisearre buro steane mear as tsientûzen fyftich- en sechtichplussers ynskreaun.

Neffens Bruining bart it geregeld dat in âldere útstjoerkrêft by in opdrachtjouwer yn tsjinst komt. Dat komt neffens har omdat de ûnderfiningen mei âldere útstjoerkrêften oer it algemien hiel posityf binne. Se komme op tiid, binne net faak siik en hawwe in goede wurkmentaliteit, seit Bruining. Sy omskriuwt de minsken dy't by har ynskreaun stean as "positief, oprecht en betrouwbaar". 

Trefwurden: 
Oudvit Maria Bruining
(advertinsje)