Alderenbûn freget yn petysje omtinken foar âldere wurkleazen

12 feb 2018 - 22:28

It is heech tiid dat der mear oandacht komt foar âldere wurkleazen. Alderenbûn KBO-PCOB fynt dat de oerheid dizze groep mear kânsen biede moat yn de foarm fan omlearen en begelieding. It bûn freget moandei yn in petysje oan de Twadde Keamer mear omtinken foar dizze kwetsbere groep.

Nietstilzitten

Anton van Dijk fan platfoarm Nietstilzitten út Snits is it fan herte mei dizze aksje iens. Nietstilzitten besiket âldere wurkleazen wer rjochting wurk te begelieden. Dat falt net ta, want der binne net folle omlearmooglikheden foar âlderen. Ferplicht sollisitaasjebrieven skriuwe helpt yn alle gefallen net. De ûnderfining fan Nietstilzitten is dat sokke brieven allinnich mar frustraasje opsmite.

As âldere wurkleazen wer in baan fine is dat yn de regel fia it eigen netwurk of troch sels inisjativen te nimmen. De measte besikers fan Nietstilzitten fine nei ferrin fan tiid faak wol wer wurk, mar dat is dan wol faak dieltiidwurk of tydlik wurk.

Nietstilzitten komt moandeis byinoar yn de Snitser biblioteek. Der binne dan faak workshops oer saken dy't de wurksykjenden helpe kinne. Ek organisearret it platfoarm geregeld besiten oan bedriuwen dy't minsken sykje en wurde potinsjele wurkjouwers útnûge.

Oudvit

Neffens Oudvit yn Drachten lizze der foar fyftichplussers ek goede mooglikheden foar útstjoerwurk. By dit útstjoerburo binne mei-inoar sa'n tsientûzen senioaren ynskreaun, mar direkteur Maria Bruining makket hieltyd faker mei dat klanten harren útskriuwe omdat se fêst wurk fûn hawwe.

Oudvit hat it neffens eigen sizzen tige drok en betsjinnet fanút Drachten klanten yn hiel Nederlân. Troch de oanlûkende ekonomy brekke ek foar âldere wurkleazen bettere tiden oan. Bruining hat bysûnder goede ûnderfiningen mei de âldere útstjoerkrêften. "Sy binne goed motivearre, tige betrouber en komme boppedat altyd op tiid."

(advertinsje)