Stichting Present rikt bokaal út oan 'brêgebouwer' Kuiken

13 feb 2018 - 06:15

Stichting Present Noardwest-Fryslân rikt tiisdei de Bruggenbouwersbokaal út oan wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Harns. Frijwilligersorganisaasje Present krige de lanlike priis sels yn jannewaris foar in suksesfol sosjaal projekt yn Frjentsjer, mar wol de ûnderskieding net in jier lang op de kast stean litte. Oer in pear wiken jout Kuiken op syn beurt sels de bokaal ek wer troch.

De stichting jout de priis troch om organisaasjes en minsken te ferbinen en inisjativen yn Noardwest-Fryslân ûnder de oandacht te bringen. Neffens Present is Kuiken in belutsen, sosjaal man en ferbynt er de ynwenners fan de gemeente mei de polityk. Fierder hat er in bysûndere rol hân en belutsenheid toand op it mêd fan it sosjale domein.

(advertinsje)