KNMI jout fanwege glêdens koade giel ôf yn Fryslân

12 feb 2018 - 21:17

It KNMI hat moandeitejûn foar Fryslân koade giel ôfjûn fanwege glêdens. De warskôging jildt foar it hiele lân, útsein foar it westen. Wiete stikken fan de diken kinne befrieze, wêrtroch't it pleatslik glêd wêze kin. It KNMI riedt ferkearsdielnimmers oan harren rydgedrach oan te passen. Ferskate struiweinen binne de dyk al op.

De warskôging jildt oant tiisdeitemoarn 10.00 oere. De ferwachting is dat de glêdens yn de rin fan de moarn wer ferdwine sil.

Trefwurden: 
KNMI koade giel glêdens
(advertinsje)