'Keapsnein gjin brekpunt foar ChristenUnie Smellingerlân'

12 feb 2018 - 20:30

De ChristenUnie yn Smellingerlân sil fan de keapsnein gjin brekpunt meitsje yn de kommende koälysje-ûnderhannelingen. Dat falt op te meitsjen út de wurden fan listlûker Pieter van der Zwan, moandeitejûn yn It Polytburo. Syn partij wie altyd fûleindich tsjinstanner fan de keapsnein. Dat is de partij neffens it ferkiezingsprogramma noch altyd, mar fan in brekpunt wol Van der Zwan net sprekke.

De ChristenUnie hat de gearwurking mei nijkommer SGP socht, mar dy partij hat dat fan 'e hân wiisd. Algemien wurdt ferwachte dat it meidwaan fan beide partijen oan de gemeenteriedsferkiezingen de ChristenUnie stimmen kostje sil.

(advertinsje)