Kampanje moat studintestêd Ljouwert oantrekliker meitsje

12 feb 2018 - 20:02

Yn Ljouwert set tiisdei de kampanje Leeuwarden Student City útein. De kampanje moat derfoar soargje dat de stêd foar studinten noch oantrekliker wurdt. Ek wol de kampanje de Fryske haadstêd sichtberder meitsje en dat studinten yn spee de stêd ienfâldiger fine kinne.

It útgongspunt fan de kampanje is dat Ljouwert in eigensinnige stêd is mei in iepen mienskip. Ljouwerter studinten wurde ynset om sjen te litten wat de stêd te bieden hat. Se dogge dat troch oer har studintelibben te vloggen, te bloggen en updates op social media te setten.

Trefwurden: 
Leeuwarden Student City
(advertinsje)
(advertinsje)