Kitesurfklup: "Oerheid moat fokus yn wettersport ferlizze"

12 feb 2018 - 19:42

De oerheid soe der goed oan dwaan de fokus yn de wettersport te ferlizzen. Dat fynt alteast Kite Club Friesland. De kitesurfklup is mei in grutte stand fertsjintwurdige op wettersportbeurs Boot Holland yn Ljouwert. De fergrizing fan it wettersportpublyk wurdt rûnom sjoen as in punt fan soarch foar de takomst fan wettersport yn de provinsje.

Neffens Kite Club Friesland kin jongerein maklik entûsjast makke wurde, wannear't gemeenten en provinsje ynvestearje yn foarsjenningen foar (kite)surfers en suppers. Tink dêrby oan moderne akkommodaasjes dêr't je je omklaaie kinne, dêr't goede sanitêre foarsjenningen binne en in kantine.

"Je merkt dat jongeren die helemaal niet in de watersport zijn opgegroeid, door kitesurfen zomaar echte watersporters worden", seit in lid fan Kite Club Friesland. "Overheden zouden zich minder op de Duitse miljonairs moeten richten en meer op sportieve jongeren."

Boot Holland is noch oant en mei woansdei 18.00 oere iepen yn WTC Expo.

(advertinsje)