Winst foar beloften SC Cambuur op besite by Jong Excelsior

12 feb 2018 - 18:39

De beloften fan SC Cambuur hawwe moandei de útwedstriid by Jong Excelsior mei romme sifers wûn. It team fan coach Dennis van der Ree wie mei 4-1 te sterk foar de beloften út Rotterdam.

Troch in doelpunt krekt foar it skoft fan Tyrone Conraad, sochten de Ljouwerters mei in 1-0 foarsprong de klaaikeamer op. Yn de twadde helte ferdûbele Luke Millar de skoare. Even letter makke Jeffry Fortes fan de thúsklup de oanslutingstreffer, mar opnij Conraad en Rutger Etten soargen derfoar dat de trije punten mei yn de bus nei Ljouwert giene.

Trefwurden: 
SC Cambuur Excelsior fuotbal
(advertinsje)