Der wurde wer huzen boud yn Marsum: "Dy binne samar fuort"

Yn Marsum wurde twa nije huzen boud. Dat lykje der net in soad, mar foar it doarp ûnder de reek fan Ljouwert is it in unikum. Sûnt 1984 mocht der yn Marsum net mear boud wurde fanwege de lûdsône rûnom de fleanbasis fan Ljouwert.
No't der yn Marsum nei 34 jier wer boud wurde mei, is der belangstelling genôch. "Dy twa huzen binne samar fuort", fertelt Geert Verf fan doarpsbelang Marsum. It doarp is bliid mei de nije wenten. Foar elke hierwente dy't frijkomt, komme wol 25 meldingen binnen, dus der is fraach genôch.
De bou mat noch úteinsette. Allinne it grûnwurk is dien. De wenningen moatte boud wurde mei ekstra akoestyske maatregels. Alle huzen yn Marsum binne op dy manier oanpakt, mar dat wie noch op kosten fan it Ryk. Dizze ekstra kosten binne no foar wenningbouferiening Wonen Noordwest Friesland. De feriening berekkenet de kosten net troch oan de hierders.