Brûnzen Leenstra: "Sa bliid dat ik gjin fjirde wurden bin"

12 feb 2018 - 17:44

Marrit Leenstra behelle moandei by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä brûns op de 1500 meter. De reedrydster út Wikel wie ien hûndertste fan in sekonde flugger as Lotte van Beek, dy't fjirde waard.

Efter winneres Ireen Wüst einige de Japanske Miho Takagi op it twadde plak, krekt foar Leenstra. Fan teloarstelling wie by Leenstra gjin sprake. "Ik bin gewoan sa bliid dat ik einlings op it poadium stean", seit se tsjinoer de NOS. "Einlings in yndividuele medalje. It is gjin goud, dat wie úteinlik it doel, mar ik bin sa bliid dat ik op it poadium stean, brûns ha en gjin fjirde wurden bin."

"Ik ha noch nea safolle traind as de lêste ôfrune twa jier", seit Leenstra. "Ik woe hjir goed wêze en no stean ik op it poadium."

(advertinsje)
(advertinsje)