Wüst oer gouden medalje: "Deze pakken ze me niet meer af"

12 feb 2018 - 17:12

Trije ritten lang moatst Ireen Wüst ôfwachtsje oft har tiid genôch wêze soe foar goud op de 1500 meter, mar it lange wachtsjen waard beleanne. "Ik ging helemaal kapot van de spanning", seit Wüst tsjinoer de NOS. Net ien kaam yn Gangneung oan har tiid fan 1.54.35.

Wüst wie tige emosjoneel nei ôfrin. "De race verliep niet vlekkeloos. Kop erbij, kop erbij houden, dacht ik toen. Als dat dan uiteindelijk lukt is dat redelijk onwerkelijk." It wie foar Wüst in spesjale dei. "Exact twaalf jaar geleden won ik mijn eerste gouden medaille op de Olympische Spelen in Turijn. Vandaag win ik mijn vijfde. Echt heel onwerkelijk."

Wüst komt op de Olympyske Spelen noch twa kear yn aksje. Takom woansdei op de 1000 meter en folgjende wike moandei by de ploege-efterfolging, "maar deze pakken ze me niet meer af", beslút Wüst.

"Sa bliid"

Efter Wüst einige de Japanske Miho Takagi op it twadde plak, krekt foar Marrit Leenstra. Fan teloarstelling wie by Leenstra gjin sprake. "Ik bin gewoan sa bliid dat ik einlings op it poadium stean", seit se. "Einlings in yndividuele medalje. It is gjin goud, dat wie úteinlik wol it doel, mar ik bin sa bliid dat ik op it poadium stean, brûns ha en gjin fjirde wurden bin."

(advertinsje)