Tachtich oeren wurkstraf nei fernielingen op fuotbalkompleks

De rjochtbank yn Ljouwert © ANP
In 21-jierrige ynwenner fan Beetstersweach hat in wurkstraf fan tachtich oeren ûnder betingst oplein krigen. De man hie by de pleatslike fuotbalferiening, tegearre mei in jongere freon, de boel fernield. De twa hienen ruten fan de kantine, in graafmasine, in trekker, in kraan en in skoftkeet fan De Sweach ynsmiten. Dêrneist smiten se in stien nei de auto fan in frou dy't de manlju oanspruts op harren gedrach.
De man út Beetstersweach wennet yn in ynstelling fan Talant. Dêr hawwe se ek lampen fernield. Hy stiet ek ûnder tafersjoch fan jeugdreklassearring. Fanwege de ferstanlike beheining fan de man paste de plysjerjochter jeugdstrafrjocht ta.
De oare fertochte moat nije wike foar de bernerjochter ferskine. As se feroardiele wurde, moatte de fernielers hast 400 euro oan de fuotbalklup betelje.