Beloften SC Hearrenfean winne yn De Kuip fan Jong Feyenoord

12 feb 2018 - 16:11

De beloften fan SC Hearrenfean hawwe moandeitemiddei yn Rotterdam wûn fan Jong Feyenoord. Yn De Kuip waard it 1-0 foar de ploech fan trainer Chris de Wagt. It iennige doelpunt fan de wedstriid foel al nei njoggen minuten spyljen en waard makke troch Marco Rojas.

By Hearrenfean stiene ûnder oaren Doke Schmidt, Lucas Woudenberg, Michel Vlap, Henk Veerman en Pelle van Amersfoort oan de ôftraap. By Feyenoord begûn Robin van Persie yn de basis.

(advertinsje)