Ekstra kaarten Marijke Muoi binnen fiif minuten útferkocht

12 feb 2018 - 15:47

De fiif ekstra foarstellingen fan Marijke Muoi yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert binne útferkocht. Moandeitemiddei om 14.00 oere sette de ferkeap útein foar de Under de Toer-foarstelling, fiif minuten letter wiene alle kaartsjes fuort. De webside fan De Harmonie, dêr't de kaarten besteld wurde koene, wie by de start fan de ekstra ferkeap fuortendaliks oerbelêste.

De foarstelling giet oer Maria Louise van Hessen-Kassel, better bekend as Marijke Muoi en de oermem fan de Oranje Nassaus. It stik krijt yn de media geweldige resinsjes.

Trefwurden: 
Marijke Muoi Under de Toer
(advertinsje)