SC Hearrenfean hat tydlik in nije kommersjeel manager

12 feb 2018 - 15:20

Joost Weijters is moandei begûn as tydlik manager op de kommersjele ôfdieling fan SC Hearrenfean. Hy folget dêrmei Henk Bloemers op, dy't ein ferline jier opstapte. Weijters bliuwt oant it momint dat der in nije manager fûn is. Dy sollisitaasjeproseduere rint noch.

Weijters is direkteur en eigener fan ferskate bedriuwen en sûnt 2016 lid fan de ried fan advys fan de Wits Onderhoudsgroep Nederland.

(advertinsje)