Goud foar Wüst op Olympyske 1500 meter; Leenstra pakt brûns

12 feb 2018 - 14:30

Ireen Wüst hat moandei by de Olympyske Spelen de gouden medalje pakt op de 1500 meter. Yn in tiid fan 1.54.35 wie Wüst yn Súd-Koreä de rapste. Marrit Leenstra pakte it brûns yn 1.55.26. Dêrtusken kaam de Japanske topfavoryt Miho Takagi mei 1.54.55. Lotte van Beek waard fjirde, se wie ien hûndertste stadiger as Leenstra. Heather Bergsma sakke op de lêste 400 meter figuerlik troch it iis. Bergsma waard yn 1.56.74 mar achtste.

It goud is foar Wüst

Foar Wüst wie it de fiifde gouden medalje en har tsiende earemetaal. Boppedat hat se no op de fjouwer Olympyske Spelen it goud wûn op in yndividuele ôfstân. Yn 2006 yn Turijn wûn Wüst de 3000 meter, yn 2010 yn Vancouver de 1500 meter, yn 2014 yn Sotsji wer de 3000 meter en no yn Gangneung foar de twadde kear de 1500 meter.

Leenstra pakt it brûns

Foar Leenstra wie it de earste yndividuele Olympyske medalje. Fjouwer jier waard Leenstra yn Sotsji fjirde op de 1500 meter. Se wûn doe goud mei de Nederlânske ploech op de efterfolging. Yn de lêste rit fochten Takagi en Bergsma om in poadiumplak. Takagi, de grutte favoryt út Japan, dy't dit seizoen fierwei it measte wûn, kaam net oan de tiid fan Wüst, mar wol oan de tiid fan Leenstra.

Bergsma ferlear in medalje op de lêste 400 meter. Van Beek, trainend en ridend by it gewest Fryslân, pakte fjouwer jier lyn it brûns. Doe wie Leenstra fjirde. No wie it krekt oarsom, mei in ferskil fan ien hûndertste.

(advertinsje)