Feanster stalker krijt ien moanne ûnder betingst

12 feb 2018 - 14:20

In 26-jierrige stalker út It Hearrenfean hat fan de rjochter ien moanne selstraf ûnder betingst oplein krigen mei een proeftiid fan trije jier. De man mei dêrneist gjin kontakt sykje mei syn slachtoffer en hat in ferbod krigen om him yn it wenplak fan de frou sjen te litten. Hy stalkte hast in jier lang in freondinne fan syn sus. It begûn doe't de frou frege hoe't it mei de man gie. Se krige dêrnei fia sosjale media alderhande berjochten fan him en hy liet sels in tas mei boadskippen by har thús besoargje.

Doe't de man in foto fan it bern fan de frou op Facebook pleatste, die se oanjefte. De rjochter hâldt by de útspraak rekken mei de ferstanlike beheining fan de man en it feit dat hy yn de tiid fan it stalken drugs brûkte. Hy sit no mei in rjochterlike machtiging yn de Forensisch Psychiatrische Kliniek yn Assen om behannele te wurden.

(advertinsje)