Ype Smid leit wurk by SC Cambuur per direkt del

Ype Smid hâldt fuortendaliks op as foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan SC Cambuur. Dat makke de klup moandeitemiddei bekend. Smid syn termyn rint pas ôf yn jannewaris 2019, mar hy leit syn taken no al del.
Sûnt 2010 is Smid foarsitter by de ried fan kommissarissen fan de Ljouwerters. Hy bliuwt wol as sertifikaathâlder en sponsor oan de klup ferbûn. Der sitte no noch twa leden yn de ried fan kommissarissen: Jan Koster en Rudy Douma.

"Net echt in ferrassing"

Foar Pier van der Sluis, foarsitter fan it stichtingsbestjoer fan Cambuur, kaam it nijs net as in ferrassing. "Ik wie al in skoftsje mei Ype dwaande foar syn opfolging. Dêr hawwe wy in longlist fan makke. Nee, foar my wie it net echt in ferrassing."
Wêrom hat Smid besletten earder der mei op te hâlden? "Dêr kin ik gjin antwurd op jaan", seit Van der Sluis. "Wy sille dizze wike rêstich neitinken oer ien dy't him even ad interim ferfangt."