Fryske skoalkoepels wolle net mear trochbetelje by stakingen

12 feb 2018 - 13:09

In soad skoalbestjoeren betelje it salaris fan de stakende leararen net troch by kommende aksjes. No woansdei stake de dosinten fan de basisskoallen yn Noard-Nederlân as earste fan in estafette-rige. Grutte Fryske koepels foar basisûnderwiis as Proloog en PCBO-Ljouwert betelje it personiel ditkear net troch. By de twa eardere stakingen diene se dat noch wol. 

Skoalkoepel Proloog hat 23 iepenbiere skoallen yn Ljouwert en omjouwing. Alle skoallen fan dizze koepel binne woansdei sletten. Bestjoerder Albert Helder fan Proloog: "It wie al frij unyk dat wy de leararen trochbetellen by de foarige stakingen. Yn de normale wrâld is it sa dat minsken in stakingsrjocht hawwe en dat sy dat dan út eigen bûse betelje."

Twa fan de fyftjin skoallen fan PCBO jouwe woansdei wol les. De oare trettjin skoallen slute de doarren. "Wij betalen deze keer ook niet door, wij steunen de inhoud van de acties zeer, maar wij hebben ook een andere verplichting, zoals de leerplicht. We steunen dus de inhoud, maar als werkgever hebben wij met meer dingen te maken", seit PCBO-bestjoerder Hans Greidanus.

Stakende leararen moatte woansdei yn in grut tal gefallen in berop dwaan op de stakingskas fan har fakbûn.

(advertinsje)