Aventoerlike Hermien komt by yn Frysk kowerêsthûs

12 feb 2018 - 11:50

De ûntsnapte ko Hermien stiet yntusken op stâl yn Sânhuzen. It bist koe sneintejûn fongen wurde yn in bosk yn Oerisel. Dêr toarke se sûnt twa moanne om, nei't se ûntsnapt wie op wei nei it slachthûs. In crowdfundingaksje fan de Partij van de Dieren brocht genôch jild op om Hermien ûnder te bringen yn it kowerêsthûs yn Sânhuzen. Dêr is se moandeitemoarn hinne brocht en stiet se neffens de eigener yntusken rêstich te fretten. Hermien waard foar de rit ferdôve, omdat it transport fan de ko, dy't mei Hermien ûntsnapte ferline wike, dreech ferrûn.

Trefwurden: 
Hermien ko Sânhuzen
(advertinsje)