FIDEO: broers en sus Talsma dreame al fan Peking 2022

12 feb 2018 - 11:44

Wylst de Olympyske Spelen yn Pyeongchang yn folle gong binne, hawwe oare topsporters de holle al by de Olympyske Spelen yn 2022. Marwin (20), Kim (17) en Dyon (15) Talsma út Grou hawwe ien dream; oer fjouwer jier mei syn trijen op de Olympyske Spelen yn Peking stean. Alle trije ride se op topnivo en it bysûndere is, is dat sy bruorren en sus fan inoar binne. Yn it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek fertelle sy oer harren dream en it hurde wurk dat dêr by sjen komt.

(advertinsje)