Wêr moat de bernebuorkerij fan Snits hinne?

De bernebuorkerij yn Snits fiert dit jier it 25-jierrich jubileum, mar it is noch mar de fraach oft se ek it folgjend jubileum helje sille. De bernebuorkerij is fêstige neist soarchkompleks De Ielânen. It folsleine terrein fan 20 hektare is yn eigendom fan soarchgroep Patyna. De lêste hat plannen om it soarchkompleks út te wreidzjen en dêrtroch is der aanst gjin plak mear foar de bernebuorkerij, dy't 2,5 hektare yn beslach nimt.
Liedingjaande Adraste Sijbesma fan de bernebuorkerij fynt it hiel spitich dat der yn de takomst gjin plak mear foar harren is. "We begrijpen het wel, want het is natuurlijk hun terrein, maar we vinden het heel jammer dat deze speelplaats van Súdwest-Fryslân nu op het spel staat. Jaarlijks ontvangen wij ruim 25.000 bezoekers." Bestjoersfoarsitter Johan Krul fan Patyna leit út dat der gjin plak mear is foar de bernebuorkerij, no't De Ielânen útwreidzje sil. "In ons nieuwe woonconcept hebben we wel een dierenweide opgenomen, maar dat is niet zo grootschalig als de huidige kinderboerderij."
Bernebuorkerij Snits en de gemeente Súdwest-Fryslân sille ynkoarten om tafel om te praten oer de takomst.