Accare giet ek de juridyske striid oan mei de tabaksyndustry

12 feb 2018 - 11:10

De organisaasje foar berne- en jeugdpsychiatry Accare docht ek oanjefte tsjin de tabaksyndustry. Accare folget dêrmei ûnder oare de sikehuzen, de feriening fan bernedokters en Ferslavingssoarch Noard-Nederlân. De aksje is in inisjatyf fan advokate Bénédicte Ficq. Neffens Accare binne benammen kwetsbere bern fetber foar de reklamestrategy fan de tabaksyndustry. Accare biedt jierliks op 30 lokaasjes yn Noard-Nederlân soarch oan sa'n 13.000 bern.

(advertinsje)