Opknapbeurt foar Balkster Teernstrabrêge

12 feb 2018 - 10:58

De Teernstrabrêge yn Balk is de kommende dagen ticht yn ferbân mei in renovaasje. It brêgedek wurdt ferfongen om oan alle hjoeddeistige easken te foldwaan. It ferkear is yn de rin fan de jierren hieltyd swierder wurden en de brêge is dêr net langer geskikt foar. Ek de saneamde hameituorren, dy't soargje foar it kontragewicht, wurde ferfongen. Dit wurdt op ambachtlike wize dien om't de tuorren mei klinkneils ferbûn binne. De oannimmer sil fan moandei 12 febrewaris oant woansdei 28 febrewaris dwaande wêze. It ferkear wurdt omlaat.

(advertinsje)