"Sinteklaas fermoardzje wie gewoan in grap"

© Omrop Fryslân, Lars Hoekstra
De oprop om Sinteklaas mei de lanlike yntocht yn Dokkum te fermoardzjen, wie in grap. Dat sei Michael van Zeijl fan de ekstreem-linkse aksjegroep De Grauwe Eeuw snein yn it telefyzjeprogramma De Nieuwe Maan. Neffens him die hy de oprop yn in sletten groep op Facebook en wie it net bedoeld dat it nei bûten komme soe. Earder hie hy just oanjûn dat syn boadskip bedoeld wie om 'viral' te gean.
Van Zeijl seit yn it boadskip op Facebook dat hy hope dat safolle bern as mooglik tsjûge wêze soene fan de moard op Sinteklaas. De aktivist die de oprop om't hy tsjinstanner is fan Swarte Pyt. Hy nimt neat fan syn wurden werom. It Iepenbier Ministearje docht op dit stuit ûndersyk nei de útspraken fan Van Zeijl.