Kollum: "Bob kom naar huus"

"'Guus kom naar huus want de koeien staan op springen'. Meitsje dêr mar 'Bob wil naar huus want de koeien staan op springen' fan. Mei in grutte gniis op it gesicht lies ik foarige wike tongersdei it berjocht oer reedrider Bob de Vries. Bob is ien fan de sporters dy't foar Nederlân yn aksje komt op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Mar noch foardat er juster oan de start stie op de 5000 meter, woe Bob al wer nei hûs. Hy miste syn trije bern en - jawol - syn 50 kij.
Myn hert smolt doe't ik dit lies. Wêr't alle sporters allinnich mar oan harren sels tinke en oan dy iene superrace dy't se ride sille, tinkt Bob oan thús. En oh ja, oan dy fiif Olympyske kilometers op snein. Jawis, hy stie juster fol konsintraasje oan de start, mar yn gedachten stie er al wer thús yn de melkput. En net allinnich yn gedachten, ek digitaal.
Fia ferskate apps kin Bob op 'e telefoan eksakt de prestaasje fan syn kij byhâlde. Hy koekeloert yn Pyeongchang op tûzenen kilometers ôfstân yn de stâl mei hoe't Berta 66 en Gretha 52 it dogge. Gjin drip molke dy't er mist.
Der sille no grif minsken wêze dy't sa'n hâlding mispleatst fine. Ast op de Spelen bist, moatst dêr foar de folle hûndert prosint wêze. Mar ik fyn it just wol moai. Dat in sporter de boel relativearje kin. Dat der mear yn de wrâld is as allinnich sport. Bygelyks fyftich kij dy't ek oan topsport dogge troch alle dagen liters en liters molke te jaan.
"Ik bin ek mar in outsider", joech Bob fan tefoaren al oan yn alle ynterviews. Dêrmei like it wol of woe er de hege ferwachtings wat delbêdzje. Net te heech fan de toer blaze, dan kin it noait ôffalle. Dy taktyk hat er fan syn mem, ûntdekte ik tongersdeitejûn doe't ik nei De Wereld Draait Door seach.
It kamerateam fan DWDD wie op De Haule by heit en mem De Vries yn 'e hûs. "Neuh", sei mem Femmie, doe't se frege waard oft soan Bob in medaljekandidaat wie, "dat denk ik eigenlijkst niet." En it feit dat har soan alris fan Sven Kramer wûn hie op de 5 kilometer, die se ôf mei: "Ja, maar toen had Sven niet zo'n goede dag."
Prachtich toch? Dy nofterens. Dus ik tocht juster: bliksem, no wol ik dy race al sjen. Silst beleve dat Bob boppe himsels útstiicht en de winst pakt. Dat slagge spitich genôch net hielendal. Hy einige teloarstellend as fyftjinde en baalde as in stekker. Wylst alle riders nei him oan de beurt wiene, besocht ik Bob yn de gaten te hâlden op it middenterrein. Ien kear koe ik 'm tusken alle oare riders troch sjen. Mei de telefoan yn de hân.
Wêr't de rest fan Nederlân wierskynlik tocht hat: dy sit fêst syn teloarstellende rit te analysearjen, wisten wy hjir yn Fryslân wol better. Bob siet fansels wer op syn apps te sjen hoe't syn fyftich swartbûnte froulju it yn De Haule dogge. De winnende rondetiden fan Sven? Koe him it skele. It giet om it fet- en aaiwytgehalte fan Janneke 36.
Nei alle gedachten stapt Bob hjoed wer yn it fleantúch nei hûs. Gjin massa's sjoernalisten, kamera's en fotografen aanst as er op Skiphol oankomt. Mar allinnich in grutske mem Femmie dy't har soan in tút jout. Ik sjoch al foar my hoe't dat giet. "Dat hast goed dien jonge." Bob dy't de skouders nonsjalant ophellet. "Tink mar sa, meidwaan is wichtiger as winnen." Krekt. Want wie dat oait net de ynstek fan de Olympyske Spelen?"