Alle hynders op earste Friesian Horse Auction ferkocht

12 feb 2018 - 07:32

De earste online feiling fan Fryske hynders liket in súkses. Dat seit inisjatyfnimmer Jilt Jongsma fan de Friesian Horse Auction. Troch it online feilingsysteem fan in Rotterdamsk bedriuw koenen minsken real time biede op 32 Fryske hynders. Alle hynders binne ferkocht. Minsken moasten yn it foar in biedprofiel oanmeitsje. Goed 500 minsken dienen dat. Eintsjebeslút brochten 50 minsken in bod út. Hoefolle der yn totaal betelle is foar de hynders is noch net dúdlik. "Dy sifers sille letter op de dei wol dúdlik wurde", fertelt de Wytgaarder ûndernimmer. "Wol haw ik it idee dat in soad eigeners op harren eigen hynder bean hawwe. Faaks om't se it heechste bod te leech fûnen." It foardiel fan in online feiling is dat de hynders net op transport hoege. "Alle eigeners leverje in sekundêr rapport, it stamboek fan it hynder en röntgenfoto's oan. Je witte dus wêr't je op biede."

(advertinsje)