Pyeongchang, dei 6: Leenstra en Wüst op de 1000 meter

Ireen Wüst © ANP
Woansdei, op de sechsde dei fan de Olympyske Spelen, wurdt der wer reedriden. De 1000 meter foar froulju stiet op it programma, mei Marrit Leenstra, Ireen Wüst en Heather Bergsma.
11.00 oere: De 1000 meter froulju
Nei in rêstdei, stean Marrit Leenstra, Ireen Wüst en Heather Bergsma woansdeitemoarn wer oan de start by in ôfstân. Diskear de 1000 meter. Leenstra komt pas yn de lêste rit yn aksje, yn in streekrjocht duel mei Heather Bergsma. Wüst start as fjirde en stiet tegearre mei Yvonne Daldossi op it iis. Beide froulju meie de 1000 mei fertrouwen temjitte sjen. Wüst wûn dizze Spelen al goud op de 1500 meter en sulver op de 3000 meter. Leenstra wûn it brûns op de 1500 meter.
Tongersdei: Kramer en Bergsma
De clash tusken Sven Kramer en Jorrit Bergsma op de tsien kilometer stiet tongersdei op it programma. De wedstriid begjint om 12.00 oere.
Foarsizzingen
Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).
Froulju 1.000 meter langebaan
​Foarsizzing Koos Wieling
1. Nao Kodaira (Japan)
2. Jorien ter Mors (Nederlân)
3. Heather Bergsma (Amearika)
​Foarsizzing Johan Stobbe
1. Nao Kodaira (Japan)
2. Jorien ter Mors (Nederlân)
3. Heather Bergsma (Amearika)
​Foarsizzing Lisette van der Geest
1. Nao Kodaira (Japan)
2. Miho Takagi (Japan)
3. Jorien ter Mors (Nederlân)
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.