Meunsterskoare foar UNIS Flyers tsjin Antwerpen

11 feb 2018 - 22:33

UNIS Flyers hat ek de twadde wedstriid fan dit wykein wûn. De ploech fan coach Mike Nason wie sneintejûn yn de BeNe-leaguewedstriid fierstente sterk foar Antwerpen: 12-3 (perioadestannen 1-4, 0-2 en 2-6).

De Flyers hiene in fleanende start yn Antwerpen. Ronald Wurm makke nei goed fiif minuten de iepeningstreffer en Kevin Nijland ferdûbele in minút letter de foarsprong nei 2-0. Nei tsien minuten stie it sels al 3-0 troch in goal fan Tony Demelinne. Antwerpen kaam yn de earste perioade noch werom oant 3-1, mar Valentijn Bouten sette de Feansters wer op in foarsprong fan trije punten: 4-1.

Ek oan it begjin fan de twadde perioade skoarden de Flyers rap twa kear efterelkoar. Diskear wiene it Aldo van Aalderen en Kevin Nijland, sadat de Feansters op 6-1 kamen.

Antwerpen kaam der net oan te pas en de Flyers rûnen yn de earste pear minuten fan de tredde perioade út nei 9-1. De trije goals waarden makke troch Aldo van Aalderen, Ronald Wurm en Tony Demelinne. Joery Hanzen die noch wat werom foar Antwerpen troch de 9-2 te skoaren, mar de Flyers dominearren. Dennis Sikma en Ronald Wurm prikten de 10-2 en 11-2 der yn foar de Flyers, foardat Lukasz 11-3 makke. De Feansters hiene it lêste wurd: Marco Postma sette de 12-3 einstân op it skoareboerd.

(advertinsje)