Pyeongchang, dei 5: Fryske shorttrackers yn aksje

13 feb 2018 - 07:01

Op dei fiif fan de Spelen komme de Fryske shorttrackers wer yn aksje. Sa ride Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma de searjes fan de 1.000 meter. Ek ride dizze manlju, tegearre mei Dennis Visser of Dylan Hoogerwerf, de heale finale fan de ôflossing. De froulju ride de kwartfinale, heale finale en finale fan de 500 meter, mar sûnder Suzanne Schulting. Sy waard sneon útskeakele yn de searjes troch in fal. Op de langebaan ride de manlju hjoed de 1.500 meter. Hjir dogge gjin Friezen oan mei.

11.26 oere: Shorttrack, 1000 meter manlju

Nei syn sulveren medalje op de 1500 meter fan ôfrûne sneon, mei Knegt hjoed oan 'e bak op de 1000 meter. Ek op dizze ôfstân is er in kânshawwer foar earemetaal. Fjouwer jier lyn yn Sotsji wûn Sjinkie it brûns. De Laat helle op de 1500 meter fan sneon knap de finale, dus hy mei de 1000 meter fan hjoed mei fertrouwen temjitte sjen. Foar Breeuwsma is it de earste ôfstân yn Gangneung.

De Laat en Breeuwsma hawwe net in ienfâldige lotting. Knegt makket in goede kâns om fierder te kommen. De bêste twa riders út alle searjes meie troch nei de kwartfinales. Dy wurde kommende sneon ferriden.

12.32 oere, Shorttrack, ôflossing manlju

By de ôflossing heart de Nederlânske manljusploech by de medaljekandidaten. De manlju binne net foar neat regearjend wrâldkampioen. Der binne lykwols fiif lannen dy't by dizze Spelen ta de favoriten hearre: Sina, Kanada, Hongarije en Nederlân. Der is mar ien lân de grutste favoryt en dat is Súd-Koreä. 

Nederlân is yn de earste fan twa heale finales yndield by Kanada, Sina en Kazachstan. De bêste twa ploegen út beide heale finales meie troch nei de finale. Dy is tongersdei 22 febrewaris.

Woansdei 14 febrewaris

Woansdei wurdt der wer reedriden. De 1000 meter foar froulju stiet op it programma mei Marrit Leenstra en Ireen Wüst, dy't beide al suksesfol wiene by dizze Spelen.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Froulju 500 meter shorttrack

Foarsizzing Roelof de Vries

1 Elise Christie (Grut-Brittannië)
2 Min Jeong Choi (Súd-Koreä)
3 Ariana Fontana (Italië)

Foarsizzing Joris van den Berg

1 Elise Christie (Grut-Brittannië)
2 Marianne St-Gelais (Kanada)
3 Kexin Fan (Sina)

Foarsizzing Cees Juffermans​

1 Kim Boutin (Kanada)
2 Min Jeong Choi (Súd-Koreä)
3 Marianne St-Gelais (Kanada)

Manju 1.500 meter langebaan

Foarsizzing Koos Wieling

1. Kjeld Nuis (Nederlân)
2. Koen Verweij (Nederlân)
3. Sverre Lunde Pedersen (Noarwegen)

Foarsizzing Lisette van der Geest

1. Kjeld Nuis (Nederlân)
2. Joey Mantia (Amearika)
3. Koen Verweij (Nederlân)

Foarsizzing Johan Stobbe

1. Kjeld Nuis (Nederlân)
2. Koen Verweij (Nederlân)
3. Patrick Roest (Nederlân)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)