Ko Hermien fongen en moandei nei Frysk kowerêsthûs brocht

© Jitske van der Gaast
Ko Hermien is sneintejûn fongen. It bist ûntsnapte hast twa moannen lyn op wei nei in slachthûs en ferstoppe har yn in bosk yn Oerisel. Se wurdt moandei nei it kowerêsthûs yn Sânhuzen brocht.
Lanlik ûntstie der opskuor oer Hermien. Guon minsken woene de ko fan de slacht rêde. De Partij van de Dieren sette dêrnei mei súkses in crowdfundingsaksje op tou om har nei it Fryske kowerêsthûs te krijen. De eigener fan Hermien hat dermei ynstimd dat syn bist nei Fryslân ferhuzet.