"Eksport poatierappels nei Ingelân wurdt in stik lytser"

12 feb 2018 - 06:10

De eksport fan Nederlânske poatierappels nei Ingelân wurdt takommend jier in stik lytser. Dat ferwachtet direkteur Gerard Backx fan de HZPC. No't de ûnderhannelingen tusken de Europeeske Uny en Grut-Brittannië oer de Brexit fêstrûn binne, wurdt de kâns op in saneamde 'hurde Brexit' yn maart 2019 folle grutter.

Dat betsjut mear papierwurk oan de grins en mear kosten. Mar it betsjut ek dat de Europeeske beskerming fan nije ierapelrassen net mear jildt foar it Feriene Keninkryk. De Ingelske merk wurdt dêrtroch in stik minder nijsgjirrich foar de HZPC, seit direkteur Gerard Backx.

Trefwurden: 
HZPC ierappel eksport Brexit
(advertinsje)