Autobrân Wolvegea soarget foar meters lang brânspoar

11 feb 2018 - 20:36

In auto is sneintejûn útbaarnd op in parkearplak oan de Nachtegaalstrjitte yn Wolvegea. De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak yn de auto. Troch it fjoer lekte de wein brânbere floeistoffen, en dêrtroch ûntstie der op it parkearplak in meters lang brânspoar op de grûn. De brânwacht waard oproppen om de brân te bestriden.

Trefwurden: 
autobrân Wolvegea
(advertinsje)