Feanster plysje hâldt fjouwer minderjierrigen oan om rôf

11 feb 2018 - 19:40

De plysje op It Hearrenfean hat sneintemiddei fjouwer minderjierrigen oanhâlden. Se wurde fertocht fan stellerij ûnder bedriging. It ynsidint barde snein om 17.30 oere yn de Koolwitjesstrjitte. De details fan de rôf binne net bekend makke.

Der is oanjefte dien tsjin de fertochten en de plysje hat de saak no yn ûndersyk.

(advertinsje)