Darter Noppert mei kwartfinale wis fan UK Open

11 feb 2018 - 19:02

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat him sneintemiddei fersekere fan in plak op de UK Open. Dat telefyzjetoernoai fan de PDC wurdt begjin maart hâlden yn it Ingelske Minehead. Noppert berikte snein de kwartfinale op it lêste kwalifikaasjetoernoai foar de UK Open. Dêryn ferlear er mei 6-2 fan Darryl Gurney. Earder op de dei wûn Noppert wol fan nammen as Gary Anderson en Steve West.

Foar Noppert moast it op de lêste dei fan de kwalifikaasje wol barre. Op de eardere toernoaien hie de Jouster noch gjin oansprekkende resultaten behelle. Noppert is yn maart de iennige Fryske darter op de UK Open. Michael Plooy fan Damwâld en Mats Gies fan Holwert hellen net genôch prizejild om har foar it telefyzjetoernoai te pleatsen.

Trefwurden: 
darten Danny Noppert
(advertinsje)