VV Hearrenfean ferliest fan Leonidas
VV Hearrenfean hat sneintemiddei yn de Haadklasse A ferlern by Leonidas út Rotterdam. It waard 2-0 foar de thúsploech. Nei in healoere kaam Leonidas op foarsprong troch in benutte strafskop troch Assad el Harti. Yn de twadde helte ferdûbele El Harti de Rotterdamske foarsprong en VV Hearrenfean koe de efterstân net mear goedmeitsje.