Resinsje: “De rop om frijheid”

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.
Wa bisto?
Hayo Bootsma
Wat dochsto by de omrop?
Ik bin algemien ferslachjouwer en hâld my dwaande mei LF2018
Wat hasto mei kultuer?
Foar in goede foarstelling bin ik altyd wekker te meitsjen
Wêr hast hinne west?
De teäterfoarstelling Holstmeer
Hoefolle stjerren joust dizze foarstelling?
Omdat it 'gewoane' minsken slagget je en plein public mei te nimmen yn har somtiden ferrotte libben: Fiif fan de fiif.
"Daar kun je je jas afgeven, daar je persoonlijke spullen. Je telefoon, horloge, portemonnee en al het andere dat je in je zakken hebt mag niet mee." We binne noch net iens binnen of je wurde al meinaam yn it libben fan de minsken dy't de haadrol spylje. Alles wurdt je ôfnaam. It iennichste dat mei nei binnen mei, is myn kladblok en in pen. Yn sammelplak Neushoorn yn it sintrum fan Ljouwert wurde je meinommen nei in ôfsletten romte. Foardat je dêr oan de kofje kinne, moatte je earst fûillearre wurde en besjoen oft je binne wa't je binne. It is ek logysk: de foarstelling wurdt spile troch 'boeven' út de PI Ljouwert (Marwei) en de famkes fan Fier, it opfangplak foar slachtoffers fan seksueel geweld of loverboys.
Nei in muzikale ûntfangst mei kofje troch studinten fan D'drive fan it Friesland College wurdt de groep opsplitst yn twaen en gean we mei de bus nei de Holstmeerwei yn Ljouwert. De strjitte dêr't Fier, de plysje en de PI Ljouwert húsfeste binne.
Ik gean earst nei de famkes fan Fier. Dy fange je op yn it 'fierkwartier'. It plak dêr't se gewoanwei by inoar komme en dêr't ûnder oare in biblioteek is. No sitte se mei syn allen oan in grutte tafel mei in kleed. Se fertelle oer in famke. Dat wennet yn in dreamhûs. Mei moaie auto's foar de doar en de bêste keuken dy't je mar betinke kinne. Mar ek mei in plak dêr't se har ferskûlje kin. En sa wurdt de dream in nachtmerje. Har âlders hawwe hieltyd spul en se gean útinoar. Sa stadichoan steapelje de problemen har op en rekket se fêst yn in web fol problemen. It is de reade tried yn de ferhalen fan alle famkes dy't meidogge. Opgroeid mei probleemâlden, yn situaasjes sitte mei geweld en dan krekt de ferkearde freonen hawwe.
Foto: Udo Thijssen
It binne stik foar stik kwetsbere froulju. In kwetsberheid dy't se kwealik sjen litte. En krekt no en hjir, oan dizze tafel midden tusken it publyk fan bûten kin dat ál. Se sjonge, fertelle en skriuwe har ferhaal. Se stelle har kwetsber op troch letterlik it publyk oan te reitsjen mei in fear. Wat se oars net doare, dogge se no: prate. Oer wat sy meimakke ha. Stoer gean se de konfrontaasje oan mei harsels en nimme se de besikers mei yn in wrâld dy't foar de measten net te besetten is. De famkes wolle sjoen en respektearre wurde. "Iedereen is mooi en ik wil dat jullie dat onthouden!" Mei dat boadskip wurde we fuortstjoerd en gean we rjochting PI Ljouwert.
Dêr wachtet ús deselde rûte as de detinearden. Troch de grutte slûs rydt de bus de finzenis yn. 260 minsken meitsje dêr op it stuit diel út fan de sletten mienskip. Tsien fan harren sitte yn de sportseal om te fertellen. It kontrast kin hast net grutter wêze: fan slachtoffer nei dieder. Fan allinnich mar froulju nei allinnich manlju. Oan de hân fan in grutte klok, dy't de oeren foarby fleane lit, nimme de 'boeven' sa't se harsels graach neame je mei yn har libben. Hoe't se fan bêd ôf komme en wat se dogge. De earste fertelt oer syn fiskjes. Hoe't hy se fersoarget yn syn akwarium. De oar nimt je mei de see op dêr't hy fiske. En sa komme se út by 'Rinus'. In fuotbaltalint dy't al jong yn de problemen kaam en it ferkearde paad keas. Oan de hân fan syn ferhaal wurdt dúdlik hoe't it fout gean kin. Dat de omstannichheden fan grut belang binne op de keuzes dy't je meitsje. 'Dat is geen excuus,' sizze se allegear. Se sitte net om 'e nocht yn 'e Marwei. Se litte ek sjen hoe goed oft je it as besiker hawwe. Dat je wer nei hûs kinne, de kroech yn. Dat je dus frij binne. Dat binne sy net: "Hier is geen frisse lucht, er zijn muren en mensen. Maar in m'n hoofd ben ik vrij."
As de foarstelling dien is begjint ien fan de mannen te sjongen. En sa sjogge je it kontrast dúdlik tusken de beide wrâlden: de famkes stiene nei ôfrin efter in doek nei te genietsjen fan de prestaasje dy't se delset hawwe. Dizze mannen stappe op it publyk of en begjinne in praatsje of sels te sjongen.
Foto: Udo Thijssen
De lêste stop is by it plysjeburo. Haadstik trije yn teäterfoarstelling Holstmeer: Weg! Hjir nimme de akteurs Eelco Venema en Caroline Mgata it stokje oer. Se wolle fuort, mar doare net. It famke en de man bliuwe hingjen by it sabeare bankje op de grienstrook lâns de Holstmeerweg. Hy wol net wer werom efter de traaljes en siket goede freonen. Sy siket krêft om stean te bliuwen. Se sette de dilemma's dêr't se mei omrinne, hurd oan. Want wa kinne sy fertrouwe? Nimt de mienskip harren op en kin dy harren beskermje?
De famkes fan Fier leverje in topprestaasje. Twa kear op in jûn harren konfrontearjende ferhaal fertelle oan in groep minsken is swier. Se stean der, en hoe. Guon famkes sjonge ferskuorrende goed en it slagget harren de seal te betoverjen. By de boeven is it net oars. Ek hjir twa manlju dy't sa op in poadium stean kinne mei harren sjongtalint. Se doare de konfrontaasje mei it publyk ek oan te gean: 'Hoe voelt dat nu, hier zitten, zo zonder bezittingen?'
De akteurs leverje goed wurk. Troch alle twivels en eangsten fan de mannen en de famkes goed oan te setten komt it boadskip noch hurder binnen.Wat is frijheid? is de fraach dy't hingjen bliuwt. Foar ús bûten is it in gegeven. Foar de minsken yn dy beide gebouwen sit it yn de holle. Want de iene groep sit fêst om't se feroardiele binne foar in misdie, en sa wurdt de frijheid harren dan ûntnommen. Mar de oare groep, de famkes, binne de frijheid kwytrekke troch alles wat se meimakke ha. Dat boadskip fan de makkers komt goed troch. It is har goed slagge dizze wrâld nei bûten ta te bringen. Eins soe elkenien dizze foarstelling sjen moatte. Om te witten wat der efter de muorren spilet en te betinken dat ek dêr in mienskip sit. In groep dy't sjoen wurde wol.