Amearika en Koreä keapje rjochten Redbad film

11 feb 2018 - 14:12

It histoaryske filmepos Redbad, dat foar in grut part yn Fryslân opnaam is, is al ferkocht oan in tal grutte lannen. De film oer de Fryske held, komt pas yn juny yn de bioskoop út, mar is no al ferkocht oan lannen lykas Amearika, Dútslân, Frankryk, Ingelân en Koreä, sa skriuwt de Telegraaf. "Het is uniek voor een Nederlandse film dat al zoveel landen de filmrechten aankopen op basis van het script en een montage van de ruwe beelden," sa seit produsint Klaas de Jong tsjin de krante. Yn de film is ek in grut tal Fryske figuranten te sjen. De haadrol fan Redbad wurdt spile troch Gijs Naber.

Trefwurden: 
Redbad film Klaas de Jong
(advertinsje)