Kuiper hâldt fêst oan trio Kramer, Verweij en Blokhuijsen

11 feb 2018 - 13:20

Bûnscoach Geert Kuiper hâldt foarearst fêst oan it trio Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij foar de teampursuit, oftewol de ploege-efterfolging. Dat sei hy sneintemiddei yn it Omrop Fryslân radioprogramma Buro de Vries. "Ast sjochst dan rydt Blokhuijsen rondetiden yn it begjin hiel maklik," sei Kuiper dy't ferantwurdlik is foar de teamseleksje. "Hy hat siik west, en dêrtroch koe er it snein op de fiif kilometer dreech folhâlde, dat is fansels in risiko. Mar hy hat de snelheid, en yn in trein mei Sven en Koen leau ik deryn."

Blokhuijsen ried snein nei in sânde plak ta. Hy iepene fluch, en lei in lang skoft op koers foar in medalje. Uteinlik moast er yn de lêste rondes lykwols dochs belies jaan. De rit wie úteinlik wol goed genôch om de bûnscoach te oertsjûgjen: "Dizze fiif kilometer fan Jan Blokhuijsen wie foar my better as dat ik ferwachte hie, as ik sjoch wêr't er weikomt mei syn sykte."

(advertinsje)