FIDEO: De Haule en It Houtsje sjogge nei Bob en Sven

11 feb 2018 - 13:12

Grutte teloarstelling en grutte bliidskip sneintemoarn. Op De Haule seagen syn doarpsgenoaten yn doarpshûs De Mande mei 100 man nei de race fan Bob de Vries. Hy waard teloarstellend 15e.

Yn kafee It Houtsje op It Hearrenfean wie der sjampanjebrochje en seagen 60 man hoe't Sven Kramer goud pakte op de 5000 meter.

(advertinsje)