Dokkumer skriuwer wint priis foar meast romantyske boek

11 feb 2018 - 12:19

Skriuwer Martin Scherstra út Dokkum hat de Valentijnpriis 2018 wûn foar syn boek 'Adempauze'. De Valentijnpriis is de priis foar it meast romantyske boek. Sneon is de priis útrikt yn Utrecht troch it Valentijngenootschap. Dit is in groep skriuwers dy't mei de Valentijnpriis romantyske boeken promoatsje wolle.

De priis dy't Martin Scherstra krigen hat is in byldsje fan keunstneres Yvonne Telleman en in jildbedrach. De Publykspriis gie nei Kirstin Rozema foar har roman 'Na die Nacht'.

(advertinsje)