Wüst op de 1500 meter as earste favoryt yn aksje

11 feb 2018 - 11:52

Ireen Wüst, Marrit Leenstra, en Heather Bergsma hawwe allegearre lette ritten lotte foar de 1500 meter op de Olympyske Spelen moandei yn Súd-Koreä. Ireen Wüst hat it miskien wol it minste troffen, want sy moat as earste de baan op. Har tsjinstanner yn de alfde rit is de Kanadese Brianne Tutt. Marrit Leenstra komt fuort dêrnei yn aksje tsjin de Poalse Katarzyna Bachleda-Curuś.

De Amerikaanske frou fan Jorrit Bergsma, Heather Bergsma, is ynlotte op de fjirtjinde en alderlêste rit tsjin de Japanse favoryt Miho Takagi. Yn de rit derfoar komt ek noch in Nederlanner yn aksje: Lotte van Beek rydt dan tsjin Ayaka Kikuchi út Japan.

De 1500 meter fan de froulju is moandei fan 13:30 oere ôf live te folgjen op Omrop Fryslân radio. 

(advertinsje)