Kramer oer syn rekôr: "Ik bin der fansels tige grutsk op!"

11 feb 2018 - 11:04

In unike prestaasje fan Sven Kramer yn Súd-Koreä. Yn in tiid fan 6.09.76 pakte er foar de tredde kear op rige in gouden plak op de 5000 meter op de Olympyske Spelen. In rekôr dat sels foar de mearfâldige medaljewinner yndrukwekkend is. "Ik soe stean te ligen as ik sizze soe dat it my neat docht," sa fertelt Kramer. "Ik bin der fansels tige grutsk op!"

"Ik wist it gewoan"

Kramer ried tsjin de Dútser Patrick Beckert in stabile race. En dat hat neffens Kramer ek syn krêft west yn dizze rit. "Ik hie it foardiel dat ik yn ien fan de lêste ritten siet. Ik wist gewoan: 29.3 is genôch."

Yn it begjin like it der noch eefkes op dat Sven in behoarlik efterstân oprinne soe op syn konkurrinten Ted-Jan Bloemen en Sverre Lunde Pedersen. Mar dizze stadigere start wie ynkalkulearre."Ik jou ta op de 28'ers fan harren, mar se rieden oan de ein fan harren rit 30'ers."

Alles jaan

Nettsjinsteande de grutte oermacht, wie ek dizze race in hiele opjefte foar de achtfâldige medaljewinner op de Olympyske Spelen. "Op dit nivo moatte jo foar alles ûnder de 6.16 in protte jaan."

(advertinsje)