Kamerabylden litte brânstichter moskee sjen

11 feb 2018 - 10:22

Der binne kamerabylden fan de brânstichting by de moskee fan Drachten. Bestjoerslid Khalid Bennaceur sei sneintemoarn by Omrop Fryslân dat der bylden binne fan in persoan dy't besiket it rút yn te smiten en mei in brânbere floeistof oan de gong is. De persoan stekt de floeistof oan en naait dan út. De plysje hat de kamerabylden besjoen en is op syk nei de dieder.

Oanslach

De minsken fan de moskee binne bot skrokken fan de brânstichting. Se besjogge dit net as in die fan fernieling, mar as in oanslach. Soks hiene se yn Drachten nea ferwachte.

De brân by it Islamitisch Centrum oan de Langewyk yn Drachten hat plakfûn yn de nacht fan freed op sneon, tusken 3 en 4 oere. Sneontemiddei ûntduts in besiker de swartblakere muorre en it rút oan de efterkant fan it gebou. Moarns hiene besikers dy't nei de moskee kamen foar it gebed al in terpentinelucht rûkt.

Trefwurden: 
moskee Drachten brân
(advertinsje)