Kramer wint foar de tredde kear Olympysk goud op 5000 meter

11 feb 2018 - 10:00

Sven Kramer hat op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä foar de tredde kear goud op de fiif kilometer wûn. Hy die dit yn in Olympysk rekôr fan 6.09.76. It is alwer syn achtste Olympyske medalje. Kramer ried yn de tsiende rit tsjin de 27 jierrige Dútser Patrick Beckert, en koe yn in tige stabile race tsjin it skema fan in grutte konkurrint, Ted Jan Bloemen, ride. De Kanadees Bloemen hie yn de njoggende rit fan de dei in fotofinish nedich om op in eintiid fan 6.11.616 te kommen. Hjirmei wie er twa tûzenste fan in sekonde flugger as Sverre Lunde Pedersen. 

Teloarstelling foar Bob de Vries

Bob de Vries fan De Haule kaam yn de fjirde rit krekt foar de dweil yn aksje, tsjin de 24-jierrige Noar Simen Spieler Nilsen. De Vries hie it tige dreech yn syn rit en ried al gau rondetiden dy't boppe de 30 sekonden leine. Dit wie lang net genôch om kâns te meitsjen op Olympysk earemetaal. De Vries einige mei in tiid fan 6.22.26.

Sven Kramer

Yn 2006 by de Olympyske Spelen yn Turijn pakte de doe 19-jierrige Kramer it brûns op de 5000 meter. De Amerikaan Chad Hedrick wûn yn 6.14.68, Kramer ried 6.16.40. Fjouwer jier letter yn Vancouver pakte Kramer syn earste goud, de Koreaan Seung-Hoon Lee waard twadde, de Rus Ivan Skobrev tredde. Yn 2014 yn Sotsji wie der in folslein Nederlânsk poadium: 1. Sven Kramer, 2. Jan Blokhuijsen, 3. Jorrit Bergsma.

(advertinsje)