Bob de Vries: "Dit is in grutte teloarstelling"

11 feb 2018 - 09:22

It wie in tige teloarstellende fiif kilometer foar Bob de Vries fan De Haule. "Dit wie seker net de bedoeling, it is in grutte teloarstelling," sa sei De Vries tsjinoer de mikrofoan fan de NOS. "Seis wiken lyn hawwe je noch de eufory dat je meidwaan meie mei de Spelen, maar dan stelle jo je wol wat oars foar as dit."

Achter de feiten oan 

Bob de Vries fan De Haule kaam yn de fjirde rit krekt foar de dweil yn aksje, tsjin de 24-jierrige Noar Simen Spieler Nilsen. De Vries hie it tige dreech yn syn rit en ried al gau rondetiden dy't boppe de 30 sekonden leine. Dit wie lang net genôch om kâns te meitsjen op Olympysk earemetaal. Hy kaam yn in tiid fan 6.22.26 oer de streek. 

Neffens De Vries wie al fan it begjin ôf oan in gefjocht: "It wie fuortendaliks al te stadich," sa analysearret er sels. "Wy soene eins de 29 opsykje en dan hope dat ik yn de earste ronde in 28 heech ride koe, hjirtroch kinne je dan rêstich yn in ûntspannen slach de folgjende ronde 29 ride. Mar it wiene fuortendaliks al 29'ers, en dan witte je dat it flugger moat. En dêrnei giet it allinnich mar fan 'van kwaad tot erger.'"

Foarm

De Vries hie in goed OKT en hie hope ek by de Spelen wer pike te kinnen. "Yn desimber fielde ik my supergoed, en doe ried ik ek persoanlike rekôrs, dat hie ik no totaal net. De lêste dagen rûn it wol lekker, mar ik ried nea folle bak. Dan hoopje je eins dat 'it' der wer is, mar it die bliken dat dit net it gefal wie."

(advertinsje)