Lykspul tsjin Roda soarget foar in dûbel gefoel by Streppel

In 1-1 lykspul tsjin Rode JC sneontejûn yn it eigen Abe Lenstrastadion, wie net in resultaat dêr't trainer Jurgen Streppel bliid mei wie. Dochs is er net folslein ûntefreden oer it spul fan syn ploech: "Het is een dubbel gevoel als je best aardig speelt, veel op de helft van de tegenstander komt en daarbij veel kansen creërt. Dan moet je een wedstrijd gewoon winnen." Roda krige net in soad kânsen, mar hie in tige heech rendemint. "Die halve kans die we weggeven die vliegt gelijk binnen en dat is heel vervelend, want er is maar een ploeg die vandaag had moeten winnen en dat waren wij."
Mar ien doel foar Roda
It like derop oft de Limboargers mei mar ien doel nei It Hearrenfean ôfreizge wiene: der moast in punt helle wurde yn it Abe Lenstra Stadion. Mei in soad ferdigenjen waard troch de tsjinstanner besocht om it tal tsjindoelpunten minimaal te hâlden. "Het is hun goed recht om zo te spelen, ik begrijp het wel", sei Streppel nei ôfrin fan de wedstriid, "wij hadden een hoger tempo moeten spelen in de eerste helft." Yn de twadde helte rûn dat al in stik better, "maar het gaat om doelpunten."
Benammen it tempo hat Hearrenfean parten spile tinkt Streppel, "je moet zo'n tegenstander kapotspelen."
Martin Ødegaard
Martin Ødegaard, de hierling fan Real Madrid foel op yn de wedstriid om't er in tal goede mominten hie, dochs wie it krekt syn balferlies dat de earste oanset foar it doelpunt fan Roda joech. Dochs wol Streppel Ødegaard dêr net de skuld fan jaan: "Als er nog zes mannen achter de bal staan moeten wij dat beter organiseren. Het is een teamsport, niemand kan het alleen."
Hâldfêst
SC Hearrenfean hat oant no ta in dreech seizoen. Ek sneontejûn hiene de Friezen it dreech om it net te finen. Nettsjinsteande dat sjocht trainer Streppel wol ljochtpuntsjes. "Het rendement moet zeker omhoog. Maar als je ziet hoeveel kansen wij creëren, dan biedt dat absoluut veel houvast voor de komende week."