Kuorballers SCO winne nei sterke twadde helte fan Unitas

10 feb 2018 - 23:25

De kuorballers fan SCO hawwe sneontejûn yn de kompetysje in oerwinning behelle op Unitas. Yn Harderwijk wie de ploech fan trainer Aegle Frieswijk mei 27-20 te sterk foar Unitas.

SCO makke it ferskil yn de twadde helte. Yn it skoft stie it noch mar 12-11 yn it foardiel fan de ploech út Aldeholtpea. Dêrnei rûn SCO út en wûn it úteinlik mei in ferskil fan sân doelpunten.

Trefwurden: 
SCO Unitas kuorbal
(advertinsje)