LDODK wint sûnder problemen fan hikkesluter Avanti

10 feb 2018 - 23:07

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn probleemleas fan Avanti wûn. Op besite yn Pijnacker wie de ploech fan trainer Erik Wolsink mei 25-19 te sterk foar de nûmer lêst fan de kompetysje.

LDODK sette goed útein en pakte fuortendaliks it inisjatyf. Dat resultearre yn in 12-6 foarsprong by it skoft. Nei de tee bleau LDODK de bettere en wûn it úteinlik mei seis doelpunten ferskil.

Der wie noch mear goed nijs foar LDODK sneon, want konkurrint Blau Wyt gie yn Bennekom ferrassend ûnderút tsjin DVO (25-23). It ferskil tusken Blau Wyt en nûmer fjouwer LDODK is dêrtroch weromrûn nei in punt.

Folgjende wike sneon spilet LDODK thús tsjin TOP.

Trefwurden: 
LDODK Avanti kuorbal
(advertinsje)