Stroetinga wint maratonwedstriid; Kamminga tredde by froulju

10 feb 2018 - 22:53

Yn it Olympysk Stadion fan Amsterdam kaam Arjan Stroetinga sneontejûn as winner oer de streek by de fjirtjinde maratonwedstriid fan it seizoen. De reedrider út Wynjewâld wie ûnder oaren te sterk foar nûmer twa Robin Snoek en Crispijn Ariëns fan Wolvegea, dy't tredde waard.

By de froulju waard Manon Kamminga fan Haulerwyk sneon tredde. Sy moatst winneres Lisa van der Geest en nûmer twa Janneke Ensing foar gean litte.

(advertinsje)